Plysjeburo Grou ticht foar publyk

15 maaie 2018 - 20:24

It plysjeburo fan Grou is fan woansdei ôf ticht foar publyk. Ynwenners fan Grou en omkriten kinne noch wol terjochte by de wykagint. Der wurdt dan in thúsôfspraak makke of in ôfspraak yn it gebou fan it Doarpeteam oan de Oedsmawei.

Minsken dy't oanjefte dwaan wolle, kinne telefoanysk kontakt opnimme mei de plysje foar in ôfspraak yn Ljouwert.

Trefwurden: 
plysjeburo Grou
(advertinsje)
(advertinsje)