Befeiligers fersmite beskuldigingen: "Oanjeften út rankune"

15 maaie 2018 - 20:10

Tsjin twa befeiligers fan in Ljouwerter feestkafee binne wurkstraffen fan 160 en 180 oeren easke. De 29-jierrige Ljouwerter en 23-jierrige Koatstertilster soene yn 2016 en ferline jier by sân ynsidinten kafeebesikers fierste hurd oanpakt hawwe. Sa soene se ûnder oare nekkeklemmen brûkt hawwe om de stappers ûnder kontrôle te hâlden. Fierders soene se guon oare besikers in knibbel op de nekke set hawwe, wêrtroch't dy net mear goed sykhelje koene. 

De fertochten binne it net iens mei de beskuldigingen. Se tinke dat de minsken dy't oanjefte dien hawwe, dit út wrok dogge. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)