Beblette oerlêstferoarsaker fêstnaam yn Ljouwert

© Kappers Media
De plysje hat tiisdeitemiddei in beblette en slim betize 25-jierrige man oanhâlden yn de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert. De man soarge foar in protte oerlêst op ferskate plakken yn de stêd.
Earder tiisdei wie de man neffens omwenners út in hûs yn de Hazelaarstrjitte kaam, wylst er ferskate ferwûningen hie en ûnder it bloed siet. Hy soe meardere kearen op syn auto slein hawwe en ynstapt wêze. In frou, dy't ek út de wenning kaam, moast ûnder in soad skellerij ek ynstappe. Dêrnei ried it stel fuort.
De plysje hat de saak yn ûndersyk.