Oeds Westerhof advisearret Hannover oer binnenheljen KH2025

Oeds Westerhof sil besykje de Dútske stêd Hannover yn it jier 2025 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde te litten. Hy is frege om de stêd te advisearjen yn dit trajekt. Sa wurdt der in 'bidbook' makke, wêryn't de stêd de kulturele plannen fan de stêd beskriuwt, dat takom jier ynlevere wurde moat.
Westerhof hat mei sukses Ljouwert-Fryslân holpen nei de titel kulturele haadstêd fan Europa fan 2018. Op it stuit is er ferantwurdlik foar de 'legacy' fan LF2018, wat der oerbliuwt fan it barren nei 2018. Hy sil syn nije funksje yn Hannover njonken syn wurk foar LF2018 dwaan.