Soad omliedingen fytsalvestêdetocht fanwege wurk

15 maaie 2018 - 17:28

Gemeenten meitsje it de organisaasje fan de fytsalvestêdetocht dit jier net hiel maklik. Troch al it wurk dat op 't heden útfierd wurde, moat de rûte fan de tocht hieltyd wer wat ferlein wurde. Sels no noch, minder as in wike foar it evenemint. Sa slagget it net om it sintrum fan Drylts op 'e tiid klear te krijen. De fytsers moatte yn Dokkum, Ljouwert en by Holwert ek in oar paad del as dat se wend binne.

Neffens Stephan Rekker fan de organisaasje is it dit jier wol hiel rommelich mei gemeenten dy't mei in ekstreem soad wurk dwaande binne. Der kaam tiisdei noch in ferrassing by doe't yn Marsum ynienen stekken opsteld waarden. Dat is nedich fanwege wurk oan de rioelearring. De gemeente Waadhoeke hat tasein dat it wurk foar pinkstermoandei klear is.

Op de website fietselfstedentocht.frl kinne dielnimmers de wizigingen en de aktuele rûte fine.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)