Slachtoffer ynternetfraude: "Sokke dingen barre no ienkear"

15 maaie 2018 - 17:16

Se fynt it wol in bytsje dom fan harsels, mar oan de oare kant: sokke dingen barre no ienkear. Wiesje Jansma fan Snits is slachtoffer wurden fan de man út Ljouwert dy't tiisdei foar de rjochter stie fanwege grutskalige ynternetfraude en oplichting.

Reiske

Jansma lies op Facebook in opropke fan, wat sy miende, in freondinne wie dy't ferlet hie fan jild foar in reiske mei har man. En dat fan dat reiske mocht dy man net witte. Sa rekke Wiesje Jansma fjouwerhûndert euro kwyt oan de man dy't him dêr no foar ferantwurdzje moast by de rjochter.

Dossier folle grutter as tocht

De saak is grutter fan omfang as earder tocht waard. Op it lêste momint binne 240 saken oan it dossier taheakke. Sadwaande rint de rjochtsaak noch en kaam it tiisdei noch net ta in strafeask.

Trefwurden: 
ynternetfraudeur
(advertinsje)
(advertinsje)