Nije politike partij: Earste lokale partij Noardeast-Fryslân

De nije gemeente Noardeast-Fryslân kriget in nije politike partij: de 'Earste lokale partij Noardeast-Fryslân'. De inisjatyfnimmers fine dat de ynwenners fan de nije gemeente net ticht genôch by de polityk stean. Sy wolle mei de minsken prate om harren sa direkte ynspraak te jaan. Dat bart no te min. Der bart tefolle yn achterkeammerkes, fynt de Earste lokale partij Noardeast-Fryslân.
Minsken dy't meidraaie wolle yn de nije partij binne fan herte wolkom, sizze de inisjatyfnimmers.