Provinsje wol fierder mei proef selsridende buskes

15 maaie 2018 - 16:46

De provinsje Fryslân stelt 100.000 euro beskikber foar proeven mei selsridend ferfier. De provinsjes Grinslân en Drinte wolle ek sa'n bedrach jaan. De provinsjes wolle mei ferfiersmaatskippij Arriva sjen yn hoefierre oft selsridend ferfier bydrage kin oan betelber iepenbier ferfier en it leefber hâlden fan it plattelân.

Nei sikehûs of skoalle

Deputearre Johannes Kramer is posityf oer de takomst fan selsridende buskes. Hy tinkt dat se hiel goed ynset wurde kinne foar ritsjes fan de bushalte nei it sikehûs of nei skoalle ta of foar it fuortbringen fan guod.

Appelskea

De proeven mei ferfier sûnder sjauffeur kinne pas op de iepenbiere dyk talitten wurde as de wetjouwing dat talit. Dat sil nei alle gedachten nei de simmer fan dit jier of oan de begjin takom jier wêze. Earder hat der in eksperimint mei in selsridend buske west yn Appelskea. Dat ried dêr op it fytspaad. Dat gie net altyd goed mei de fytsers. Dêrom waard de proef dêr stilset. De gemeente Eaststellingwerf woe wol fierder mei de proef mei de selsridende buskes.

(advertinsje)