Eigener diskoteken Feu en Champino wol gjin restriksje mear

Feu op de Kaden yn Drachten © Google Streetview
Eigener Just van Bodegom fan de diskoteken Feu en Champino yn Drachten wol in ein oan de beheining yn de fergunningen foar syn bedriuwen. Hy wol de twa eardere eigeners fan de dancings wer ynsette kinne. Dat die tiisdei bliken op in sitting fan de Ried fan Steat.
Wytwaskje
De gemeente Smellingerlân woe de ynset fan de eardere eigeners net lije. De gemeente wie benaud dat de twa bruorren jild, dat se te min oan belesting betelle hiene, wytwaskje soene troch Feu en Champino. Neffens de advokaat fan de hjoeddeiske eigener is dêr gjin sprake fan.
Hoarekasaakkundigen
Van Bodegom wol syn twa foargongers ynhiere, omdat se in hiel soad ferstân hawwe fan de hoareka yn Drachten. De Ried fan Steat docht oer in pear wiken útspraak.