Greide fol skilderijen by Sleat kin reinbui trochstean

Miskien hiene jo it al earder sjoen: al dy wite doeken yn it lân by Sleat. De 499 kanvassen wurde troch fjouwerhûndert Europeeske keunstners beskildere. De ôftraap fan de skilderaksje wie tiisdei. It megaprojekt is it idee fan keunstner Dirk Hakze, dy't soartgelikense aksje ek alris op in Waadeilân hâlden hat. Hakze sil sels 99 doeken beskilderje.
Op de heuvel by Sleat is it hiele keunstwurk it bêste te sjen. De fjouwerhûndert skilders komme út trettjin Europeeske lannen. De ferve is wetterfêst, dat it makket foar de skilderijen neat út dat se bûtendoar stean bliuwe. Alle dagen komme der beskildere doeken by. Yn septimber moatte se allegearre ôf wêze.