Fries Museum is fan sneon ôf in oere earder iepen

15 maaie 2018 - 15:57

It Fries Museum is fan sneon ôf in oere earder iepen, en dat betsjut dat de doarren om tsien oere iepen gean.

Escher op Reis

It museum docht dit fanwege de grutte belangstelling foar de tentoanstelling Escher op Reis. Ek op pinkstermoandei is it museum ekstra iepen. De nije iepeningstiden bliuwe oant en mei 28 oktober fan krêft. Om wis te wêzen fan in tagongskaartsje, wurdt oanret om in kaartsje yn 't foar fia ynternet te keapjen. De iepeningstiden binne no dus fan tsien oant fiif oere.

(advertinsje)