Ferbouwing seefeartskoalle Skylge foar de simmer echt los

15 maaie 2018 - 15:38

Oannimmersmaatskippij Friso mei it maritym ynstitút Willem Barentsz op Skylge renovearje. It gebou fan de seefeartskoalle foldocht net mear oan de easken fan dizze tiid en kriget dêrom in grutte opknapbeurt.

De tariedings foar de ferbouwing begjinne dizze wike, sadat de renovaasje sels foar de simmer noch los kin. Oer in jier moat alles  klear wêze.

(advertinsje)