"Miljoenen nedich foar feangreidegebieten"

15 maaie 2018 - 15:23

Der moat de kommende jierren 25 miljoen euro stutsen wurde yn it feangreidegebiet. Dat jild is nedich om de doelstellingen op it mêd fan klimaat, fitaal plattelân en duorsume lânbou helje te kinnen. Dat makket de provinsje bekend. Dy wol der alle jierren 1,25 miljoen euro yn stekke, it Wetterskip mikt op in selde bedrach. Oer meardere jierren is in totaalbedrach fan 25 miljoen nedich. 

De provinsje ferwachtet dat gemeenten, de lânbou en natuer- en miljeuorganisaasjes dêr ek oan bydrage. Dat kin yn de foarm fan jild, mar ek troch de manier fan wurkjen sa oan te passen dat de doelen helle wurde.

It doel fan de oanpak is duorsume lânbou, natuer en wetter yn it feangreidegebiet te kombinearjen. Dêrfoar moat it wetterpeil ferhege wurde, sadat de grûn minder fersakket en der in legere útstjit fan broeikasgassen is.

Neffens de provinsje stean de eksakte bedraggen foar it feangreidegebiet noch net fêst. Earst moat dúdlik wêze wat de krekte maatregels binne dy't nedich binne en wat dy kostje.

Trefwurden: 
feangreidegebiet
(advertinsje)
(advertinsje)