Ljouwert dizze wike suvelhaadstêd fan Europa

15 maaie 2018 - 15:00

Suvelhaadstêd fan Europa, sa mei Ljouwert himsels fan 'e wike neame, alteast dat seit hegeskoalle Van Hall Larenstein. De hegeskoalle is ild fan twa Europeeske suvelorganisaasjes: de Association for European Dairy Industry Learning (AEDIL) en de Association of European Dairy Teachers (Europel). Dy organisearje fan 'e wike foar ynternasjonale studinten en foar dy fan it Nordwin College en Van Hall Larenstein in spesjale suvelwike.

Leare oer suvel

Hûndert studenten út ferskate Europeekse lannen en út de Amerikaanske steat Wisconsin komme tiisdei nei Fryslân om in wike lang te learen oer suvel. Mei in sympoasium, in priuwwedstriid en besites oan bedriuwen is der in fol programma gearstald. De learlingen moatte op ferskate punten by it priuwen sa ticht mooglik by it sjuery-oardiel sitte.

(advertinsje)