Oplossing foar stroomprobleem sinnepark It Amelân

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der komt op koarte termyn in oplossing foar it stroomprobleem fan it sinnepark op It Amelân.
Netwurk kin it net oan
Ferline wike waard bekend dat der benammen yn it Noarden op guon tiden safolle stroom fan sinneparken oanbean wurdt, dat it netwurk fan behearder Liander it net oan kin.
Kapasiteit útwreidzje
Liander wurket oan útwreiding fan de kapasiteit fan it elektrisiteitsnetwurk, mar dat kin noch wol 3 jier duorje. Foar de tuskentiid wurdt no in oplossing socht. Liander en it Sinnepark hawwe dit tiisdeitemoarn ôfsprutsen: ''We moeten eerst flink wat rekenwerk doen'', seit Johan Kiewiet fan de Amelander Energie Coöperatie.