Kallemooiprotest: "Boargemaster opslute yn Kip-caravan"

15 maaie 2018 - 13:57

Sandra van der Werd fan komitee Dierennoodhulp wol boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach yn in Kip-caravan opslute en mei caravan en al trije dagen lang yn in mêst hingje. Se hat dit oanbod dien as ludyk protest tsjin it Kallemooifeest mei de Pinksterdagen. Dêrby is de tradysje dat in hoanne trije dagen lang opsluten wurdt yn in koer, dy't op 20 meter hichte yn in mêst hinget.

De bistebeskermers fiere al langer aksje tsjin de tradysje, oant no ta sûnder resultaat. Se fine dat der sprake is fan bistemishanneling en ha oanjefte dien tsjin de kommisje dy't it feest organisearret. De kommisje seit dat it bist goed fersoarge wurdt en dat in bistedokter tafersjoch hâldt. Der is noch nea in hoanne dea út de koer kaam.

(advertinsje)