Krityske jonge boeren yn diskusje mei CEO FrieslandCampina

15 maaie 2018 - 13:13

In groep krityske jonge leden fan suvelkoöperaasje FrieslandCampina praat tiisdeitejûn yn Easterein mei foarsitter Frans Keurentjes en CEO Hein Schumacher fan FrieslandCampina. De jûn is organisearre troch de jongerenkommisje Súdwest-Fryslân nei oanlieding fan alle rebûlje oer it melkpriisbelied fan de koöperaasje. In soad jonge boeren binne der min oer te sprekken dat de suvelkoöperaasje boeren dy't mear molke oanleverje dêr minder jild foar jaan wol. In koöperaasje is der foar om de leden in knappe priis te beteljen foar de levere molke, en moat dy leden net beheine yn harren bedriuwsfiering, seit wurdfierder Fokko Venema fan Het Vrij Coöperatieve Woord. Guon leden fan dizze organisaasje sille de diskusjejûn foar jonge leden ek bywenje. 

Eigen foarstel

Het Vrij Coöperatieve Woord is koartlyn oprjochte yn Grinslân om sterker te stean. De feriening hat yntusken al mear as hûndert leden, dêr sitte ek jonge Fryske boeren by. Het Vrij Coöperatieve Woord hat in eigen foarstel makke foar de molkepriis fan de koöperaasje en sil dat woansdei buorkundich meitsje. It plan fan de feriening giet út fan romte om te groeien foar jonge feehâlders. As de koöperaasje dêr net nei harket, bestiet it risiko dat jonge boeren oerstappe nei konkurrinten as A-ware op It Hearrenfean.

Gjin winst

FrieslandCampina wol boeren dy't mear as oardel persint groeie yn de molkeproduksje tsien eurosinten de liter minder betelje. Neffens Fokko Venema meitsje de boeren dan gjin winst mear. Hy wol dat it foarstel fan de suvelkoöperaasje op syn minst oanpast wurdt. As dat net bart, wurdt it foar feehâlders hiel dreech om harren bedriuw te ferkeapjen of oer te dragen oan in jonge boer.

Utwreidzje

It is op dit stuit sa dat in jonge boer dy't in pleats oernimt hast altyd besiket om út te wreidzjen. Sûnder dy mooglikheid is it foar jonge boeren dreech om in goeie takomst op te bouwen, sa seit Venema. De wurdfierder melkt 220 kij yn it Grinslanner Sebaldeburen. Hy giet tiisdeitejûn net nei de diskusje mei Keurentjes en Schumacher yn Easterein, want dy is ornearre foar boeren fan 35 jier en jonger. Venema is mei syn 37 jier dêr krekt te âld foar. Arjan Stokman fan de jongerenkommisje Súdwest-Fryslân heakket der oan ta dat de jûn mei de foarsitter en de CEO in 'iepen diskusjejûn' wurde moat achter sletten doarren, sadat de leden frijút prate kinne. "It is gjin kwestje fan lulke boeren tsjin de lieding. It giet der om om mei-inoar goeie oplossingen te sykjen foar de takomst", sa seit Stokman. 

(advertinsje)