Twa histoaryske stúkplafonds fûn by sloopwurk pân yn Snits

15 maaie 2018 - 12:38

By sloopwurk yn in gebou oan de Merkstrjitte yn Snits binne twa histoaryske stúkplafonds foar it ljocht kaam. It gebou wurdt omboud ta moetingssintrum.

Fersierde plafonds

De fersierde plafonds binne fan it jier 1887. Sy sitte yn it hûs dat doe fan boargemaster Jacob van Driessen wie, sa hat de gemeente Súdwest-Fryslân bekend makke.

Ferrassing

Neffens de gemeente is de fynst fan de twa stúkte plafonds in ferrassing, om't der gjin oanwizingen wiene dat der noch histoarysk materiaal yn de âlde wente oanwêzich wie.

Restauraasje

Der moat 50.000 euro op it kleed komme om de beide plafonds te restaurearjen. Ien en oar makket diel út fan de ferbou fan de gebouwen dy't in stik duorsumer wurde. It ferduorsumjen fan de strjitte wurdt rûsd op 650.000 euro. De gemeenteried wurdt no om tastimming frege foar in ekstra bydrage foar it restaurearjen fan de plafonds.

(advertinsje)
(advertinsje)