Minder ljippen yn it lân

21 jun 2012 - 12:20

Fûgelûndersikers slaan alarm om de ljip. It tal ljippen is yn in jier tiid mei 18 persint tebek gien. Dat docht bliken út de earste fûgeltellings fan dizze maaitiid. Omdat it sa stil wie hat fûgelûndersyksburo Sovon de tellers frege om sa gau mooglik de sifers fan de ljippen troch te jaan, om alfêst in balâns op te meitsjen.

Sovon tinkt dat de klap fan de lêste jierren no pas sichtber wurdt. Alde ljippen gean dea en der komme net genôch jongen by. De lânbou, de kâlde maaitiid en de jacht yn Frankryk spylje ek in rol.

De delgong yn it tal ljippen yn Fryslân makket net dat de provinsje negatyf is oer de takomst fan de greidefûgel. Neffens deputearre Johannes Kramer docht út de sifers bliken dat der ek gebieten binne dêr't it wol goed giet mei de ljip. Dat binne de gebieten dêr't ryk en provinsje jild yn stekke. Mei-elkoar giet it alle jierren om in bedrach fan 7,5 miljoen.

(advertinsje)