Fryske 50Plus bliuwt lakonyk ûnder problemen partijbestjoer

15 maaie 2018 - 12:05

Polityk lieder Jan Waterlander fan de partij 50Plus yn Fryslân makket him gjin soargen oer de rommelerij yn it bestjoer fan de partij. Sân fan de acht bestjoersleden binne opstapt, omdat se net mear troch ien doar kinne mei de foarsitter.

Waterlander seit dat it wol faker mis is yn it bestjoer, mar dat de ôfdieling Fryslân der net safolle lêst fan hat. Neffens him hinget de stabiliteit fan de partij hjir net fan ôf. "De minsken yn Fryslân rekkenje ús ôf op wat wy hjir dogge", seit Waterlander. "Ik lit it moai oan my foarbygean, lit se elkoar dêr de tinte mar útfjochtsje".

50Plus hat yn Fryslân ien Steatelid, dat is Jan Waterlander. En yn Ljouwert hat de partij ien gemeenteriedslid.

(advertinsje)