Ynternetoplichter foar rjochter: "Ik hannele út dwaasheid"

15 maaie 2018 - 11:49

De Ljouwerter dy't tiisdei foar de rjochter stiet foar grutskalige oplichting en identiteitsfraude fia de kompjûter, seit dat er út dwaasheid hannele hat. De man hat al syn dieden bekend yn de rjochtseal. "Ik ben vanaf mijn veertiende verslaafd aan speed en had grote schulden", seit de fertochte oer syn motyf.

De man is spesjalist op ICT-gebiet en koe fia it meitsjen fan websides foar bedriuwen achter ynloggegevens komme fan syn slachtoffers. Op in stuit hie hy 400.000 mailadressen en bestelle dêrmei guod by webwinkels. Mei-elkoar is de Ljouwerter der in ton riker op wurden.

De behanneling fan de rjochtsaak duorret trije dagen. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is derby.

(advertinsje)
(advertinsje)