Undernimmers Achtkarspelen meie sneinsiepening sels bepale

15 maaie 2018 - 11:33

Undernimmers yn de gemeente Achtkarspelen meie tenei sels witte oft se op snein iepengean. Dat stiet yn it kolleezjeprogramma fan de nije koälysje fan CDA, GemeenteBelangen en ChristenUnie. De gemeente of in ûndernimmersferiening ha gjin foech oer it beslút, om al dan net op snein iepen te gean.

De fraksjes, dy't tegearre in mearderheid fan 12 fan de 21 sitten ha, ha ek besluten om de gemeentlike lêsten net fierder te ferheegjen as de jierlikse ynflaasjekorreksje. Oanfragen fan bedriuwen dy't harren yn de gemeente fêstigje wolle, wurde flugger ôfhannele. Achtkarspelen krijt boppedat in enerzjyloket dêr't minsken dy't duorsum wenje wolle, terjochte kinne foar help.

Gearwurking

De koälysjepartijen binne it ek iens wurden oer in fierdere gearwurking mei buorgemeente Tytsjerksteradiel, mar se fine wol dat Achtkarspelen in selsstannige gemeente bliuwe moat. "Samenwerking wordt toegejuicht, mar een fusie is niet aan de orde." 

It nije kolleezje giet nei alle gedachten op 24 maaie oan de slach. Margreet Jonker fan Westergeast wurdt nei alle gedachten wethâlder út namme fan de ChristenUnie, Jouke Spoelstra en Harjan Bruining foar it CDA en Max de Haan foar GBA.

(advertinsje)