Skiep kuierje yn septimber fan Súdeast-Fryslân nei Ljouwert

15 maaie 2018 - 11:13

Lânskipsbehear Wylde Weide wol yn it ramt fan LF2018 ein septimber in spesjale 'Grutte Fryske Skieppekuier' organisearje. Yn acht dagen tiid moat in keppel skiep mei ferskate hoeders in tocht meitsje út it súdeasten fan Fryslân wei nei Ljouwert ta. Om't de skieppehoeders it idee hawwe dat keppels weidzjende skiep foar safolle positive reaksjes soargje, wolle se in grutte keppel skiep oan de ynwenners fan Fryslân sjen litte.

"We merken dat kuddes waar we mee lopen veel bekijks trekken. Er komen mensen naar je toe die zeggen 'goh, wat vind ik dit mooi," seit Diederik Sleurink fan Lânskipsbehear Wylde Weide. "Bij een file stappen mensen massaal uit om filmpjes en foto's te maken."

Net allinnich oer de skiep, mar ek oer de heide, dêr't de bistjes komme om te fretten, is in soad te fertellen seit Sleurink. "Met een gestuurde kudde, met een herder en een hond is de heide goed te onderhouden. Het mooiste van ons werk is zo'n wandeling met die schapen. We zoeken wel de autoluwe plekken op. Het kan heel goed, daar draaien we onze hand niet voor om."

(advertinsje)