Jacobi op plak 11 op PvdA-list

21 jun 2012 - 12:05

Lutz Jacobi fan Wergea komt op plak 11 fan de list fan de PvdA foar de ferkiezings foar de Twadde Keamer. Jacques Monasch fan Snits stiet op plak 19. Beiden hawwe sa't it no liket in ferkiesber plak. Jacobi giet mei fyftjin plakken omheech yn fergelyk mei de foarige ferkiezings yn 2010, Monasch mei tsien plakken.
Jacobi is wiis mei it nûmer 11. Se tinkt dat se it goed brûke kin foar de kommende ferkiezingskampanje.

De PvdA Fryslân is tefreden mei it plak fan de Fryske Twadde Keamerleden op it stimbiljet.

(advertinsje)