WIEBE coveret Rûchhouwer fan De Hûnekop

15 maaie 2018 - 17:29

WIEBE, de band fan Wiebe Kaspers, hat yn opdracht fan de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed it nûmer Rûchhouwer covere. Yn de muzykrubryk fan Omrop Fryslân daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske Top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers krije.

Rûchhouwer

It nûmer is skreaun yn 2011 en útbrocht op it album 'Wanklanken fan 'e Wurkflier'. Emiel Stoffers, sjonger fan De Hûnekop, hat it nûmer sels skreaun. "Dat wie noch yn de tiid dat ik oan it wurk wie op in skipswerf. Doe't ik dêr wurke, hearde ik de hiele dei troch allegear gjalpen. Ik haw besocht om al dy gjalpen byinoar te bringen yn dit nûmer." Wêrom is it nûmer sa'n sukses yn Fryslân? Emiel tinkt dat dat komt, omdat in protte minsken harren werkenne yn de dingen dy't er sjongt, mar dy't se sels net sa gau sizze sille. "Ik hie earst net tocht dat it sa'n hit wurde soe, mar wy kinne no wol sizze dat it it folksliet fan De Hûnekop is."

De Hûnekop

De Hûnekop bestiet al mear as tsien jier. Emiel die op syn reis troch Australië yn 2008 ynspiraasje op en doe't er thúskaam, hat er tegearre mei Rik Alsma en Bart Scheffers de band oprjochte. Nei it winnen fan de Friesland Pop Talent Award yn 2010 waard de band hieltyd bekender. De muzykstyl arbeidersrock, in mingsel fan country, blues en rock, slacht oan by it Fryske publyk. Dêrtroch stiet de band yn 2012 mei sân ferskate nûmers yn de Fryske Top 100.

Tydlik ophâlde

Sûnt oktober ferline jier is de band tydlik ophâlden mei optreden. "Ik haw eefkes gjin nocht om op te treden of op it poadium te stean", seit Emiel. De sjonger is no dwaande mei oare projekten. Hy hat wer yn Australië west, is op dit stuit in camper oan it ferbouwen en hy wol dwaande mei it skriuwen foar oare artysten. "Mar dat betsjut net dat De Hûnekop nea wer optredens jaan sil. Yn oktober hawwe wy gewoan noch it Hûnekopfestival."

Sjoch foar alle covers fan de muzykrubryk op omropfryslan.nl/muzykrubryk.

(advertinsje)
(advertinsje)