Schreiersbrêge Dokkum tydlik iepen foar fytsers en rinners

15 maaie 2018 - 10:24

De Schreiersbrêge yn Dokkum giet fan woansdei ôf tydlik wer iepen foar fytsers en fuotgongers. Om dat sa feilich mooglik te meitsjen wurdt der in 30 kilometersône ynsteld en komme der ekstra warskôgingsbuorden. Ek wurde de linen op de dyk oanpast en der komme attinsjebuorden.

Mei de oanpassing komt it kolleezje temjitte oan klachten fan minsken, dy't no noch omrinne of -fytse moatte. It Fytsersbûn hie de gemeente frege de brêge tydlik iepen te stellen. De brêge giet wer ticht as de nije brêge oer it Dokkumer Grutdjip iepengiet. Dat sil oan de ein fan dit jier wêze.

De Schreiersbrêge gie ferline jier op slot fanwege de ferkearsfeiligens. Om't der hieltyd mear frachtweinen ride, waard it gefaarlik foar de fytsers.

Trefwurden: 
Schreiersbrêge Dokkum iepen
(advertinsje)
(advertinsje)