Unrêst by boeren oer nije taryfplannen FrieslandCampina

15 maaie 2018 - 09:29

Under boeren is ûnrêst ûntstien oer de nije taryfplannen fan suvelkoöperaasje FrieslandCampina. Guon melkfeehâlders binne bang dat harren bedriuw op slot komt te stean en sy komme dêrom mei in eigen plan. De top fan it suvelbedriuw sil tiisdeitejûn yn Easterein mei de boeren om tafel, skriuwt De Telegraaf.

Benammen jonge boeren binne net tefreden, om't de suvelkoöperaasje foars minder betelje wol foar de oanlevere molke. Se fiele harren beheind yn harren ûndernimmerskip.

Trefwurden: 
boeren taryf FrieslandCampina
(advertinsje)
(advertinsje)