Skuorre yn Snits en auto yn Drachten geane yn flammen op

Troch in brân is moandeitenacht in skuorre achter in wenning oan de Trêd yn Snits ferlern gien. De brânwacht waard om kertier foar tolven hinne warskôge. Doe't se oankamen wie de skuorre al net mear te rêden. De brânwacht koe wol foarkomme dat it fjoer oersloech nei in garaazje en in kas derneist. De oarsaak fan de brân is net bekend.
Autobrân
Yn Drachten is moandeitenacht in auto útbaarnd. De auto stie parkearre flakby in snackbar oan de Súdkade. Omwenners ûntdutsen de brân en bellen de brânwacht. Dy wie gau teplak en hie it fjoer binnen tsien minuten út. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.