Kollum: "70 prosint fan Yslânske froulju binne hoeren"

15 maaie 2018 - 07:12

"Santich prosint fan de Yslânske froulju binne hoeren. Yslân is in feministyske hel, dêr't froulju tefolle frijheid ha en te min skamte. It is in lân dêr't se systematysk harren ras suverje troch babys mei it syndroom fan Down te fermoardzjen. De maatskippij dêr is duvelsk, om't der troch it sosjalistysk ekonomysk belied gjin tradisjonele Bibelske wearden binne.

Dat sei de Baptist Steven Anderson foarich jier yn in spesjaal dêrfoar makke fideo. Earder al soe Franklin Graham, soan fan evangelist Billy Graham, nei Yslân komme om te preekjen tsjin alles dat Yslân Yslân makket. Fansels waard syn optreden fier fantefoaren oankundige. Wat de Yslanners op it idee brocht om alle tickets te keapjen mei it doel se noait te brûken. Doe ha de evangelisten fan Graham de boel mar ôfsein.

Persoanlik bin ik sljocht op Yslân, en net allinne fanwegen de Edda en de saga's. It is it meast tolerante en ynklusive lân fan de wrâld, ek it meast freedsume. Yslân hat gjin leger en de plysjes ha allinne pepperspray en in wapenstôk. Yslân wie it earste lân fan de wrâld mei in demokratysk keazen froulike minister, it lân ek, dêr't it wetlik ferplichte is om manlju en froulju gelyk te beleanjen. Boppedat hat it it âldste parlemint fan de wrâld: it Alting, stichte yn it jier 930. Folle bruter as dat wurdt it net.

Mar Baptisten en evangelisten fine Yslân ferskriklik. En Joaden en moslims stadichoan ek. Want Yslân is dwaande mei in wetsfoarstel, dat it besnijen fan minderjierrige jonkjes strafber makket. Mei it besnijen fan famkes wie dat al sa. De diskusje oer it besnijen fan jonkjes giet oer it konflikt tusken it rjocht op godstsjinstfrijheid en it rjocht op lichaamlike yntegriteit fan it bern. Sa't it no is, wurde de rjochten fan bern skeind om de frijheid fan godstsjinst net te beheinen. En, sizze de Yslanners, dat moat oars. Sûnder medyske needsaak en salang't se minderjierrich binne, meie bern net skeind wurde.

Parlemintariër Ólafur Gunnarson fynt it in minskerjochtekwestje, en it snijen yn in sûn lichemke in achterhelle praktyk. "As in medyske yngreep nedich is om by in beskaat leauwe te hearren, en dy dan by in lyts bern dien wurdt, ûntnimt it dat bern de kâns om sels te bepalen wat letter syn eigen leauwe wurde sil, of ûnleauwe. Dat is net goed." Organisaasjes fan Joaden en moslims sizze dat it om in ûnskuldige yngreep giet en hygiënyske foardielen hat. In argumint, dêr't dokters it perfoarst net mei iens binne. Dy neame it 'verminken' mei kâns op bliedingen, ynfeksjes, mei kâns op 'plasbuisvernauwing en seksuele problemen'. De religieuze organisaasjes roppe dat it al iuwen sa dien wurdt, dat it djip yn harren kulturele en religieuze tradysjes woartele sit en dat Ibrahim en Mohammed it foarskreaun ha.

Ien fan de Joadske wurdfierders ferlike it wetsfoarstel mei Nazi-praktiken en in moslimwurdfierder hie it oer islamofoby. Grutte wurden en grutte beskuldigingen. Yn alle gefallen giet it net oer de bern, allinne oer oer hannelingen út in fiere stammetiid. Dat Yslân dat no oanpakke wol, strykt mei hoe't it yn de wrâld stiet. As in foarbyld foar de rest. Dat is Yslân. Wês as Yslân."

(advertinsje)
(advertinsje)