Nije wethâlders ynstallearre op It Amelân en yn Dantumadiel

AmelandEën - Theo Faber © Omrop Fryslân - Aukje de Hoop
Yn in ekstra riedsgearkomste op It Amelân binne moandeitejûn twa nije wethâlders ynstalleare. Theo Faber waard út namme fan AmelandEén beëdige. Joop Lodewijks fan it CDA is beneamd ta aspirant-wethâlder. Hy nimt de taken wier foar PvdA-wethâlder Ellen Bruins-Slot, dy't noch oant 25 juny ferbûn is oan de gemeente Tytsjerksteradiel. Faber en Lodewijks waarden net unanym troch de ried oansteld. Ferskate riedsleden folden blanko briefkes yn.
Ek yn Dantumadiel binne moandeitejûn nije wethâlders beneamd. Gerben Wiersma fan de ChristenUnie wie al wethâlder yn it foarige kolleezje. Kees Wielstra fan Gemeente Belangen Dantumadiel en Rommy Kempenaar fan Sociaal Links waarden as nije wethâlders beneamd yn it kolleezje.