Flearmûs yn byld yn Tsjerkwert

21 jun 2012 - 11:40

De flearmûzen yn de Tjerkwerter tsjerke binne 24 oeren deis te sjen op in byldskerm yn de hal. Op de souder fan de tsjerke sitte 400 saneamde marflearmûzen. Op de bistjes stean no trije ynfrareadkamera's. De Fryske Miljeufederaasje hat it inisjatyf naam foar de kamera's.

Sûnt 1900 sitte der al flearmûzen yn de tsjerke fan Tsjerkwert. Se wolle der dêr alles oan dwaan om de bisten te helpen. De flearmûzekoloanje yn Tsjerkwert is nei alle gedachten de grutste fan Europa. De marflearmûs is it leafst yn wetterrike gebieten.

De flearmûs fljocht mei in gong fan wol 25 kilometer yn de oere oer it wetter hinne en pakt mei de poatsjes ynsekten om op te iten. Se ite oant 10 kilometer fan it ferbliuwplak. Mei-inoar binne der 10.000 marflearmûzen yn Nederlân op 45 ferskate plakken. De marflearmûs hat in gewicht fan 14 oant 20 gram en wjokken fan 20 oant 30 sintimeter.

(advertinsje)
(advertinsje)