Fossylfrije hannelsmissy nei de Waadeilannen foar start-ups

15 maaie 2018 - 06:46

Fyftjin start-ups út Nederlân, Dútslân en Denemarken sette tiisdei útein mei in fossylfrije hannelsmissy nei de Waadeilannen. Moandei joech deputearre Sander de Rouwe al de ôftraap foar de Wike fan de Start-Ups. De ûndernimmers geane op hannelsmissy op útnûging fan Lab Vlieland, it ministearje fan Ekonomyske Saken en it ministearje fan Lânbou, Natoer en Foedselkwaliteit.

Kânsen foar ûndernimmers

De missy moat sjen litte dat de Waadeilannen net allinnich toeristyske trekpleisters binne, mar just ek in soad kânsen biede foar ûndernimmers mei fernijende ideeën. De Waadeilannen stribje dernei om yn 2020 folslein duorsum te libjen. Om dat foar inoar te krijen binne ynnovaasjes nedich. Start-ups binne faak al dwaande mei ynnovaasjes, mar it is wol in útdaging foar se. Dêrom moatte se ek fierder útwurke wurde.

Waadseekonferinsje

De fossyfrije hannelsmissy giet oan de Waadseekonferinsje foarôf dy't tongersdei begjint. Dêr prate de trije lannen oer de takomst en beskerming fan it Waadgebiet.

Komme ta nije opdrachten

Ald-Twadde Keamerlid Anne-Wil Lucas is ambassadeur fan dizze hannelsmissy. "De Waddeneilanden hebben bestuurders met ambitie. Daarom willen we deze start-ups met hen in contact brengen", seit se. "Bedoeling is om net als andere handelsmissies om tot nieuwe opdrachten te komen. Deze start ups zijn op zoek naar opdrachtgevers die de uitdaging met hen durven aan te gaan.."

(advertinsje)