FIDEO: Liet-winner Stonecrobs live yn de studio

14 maaie 2018 - 22:06

Se wienen dochs bêst wol senuweftich, de fjouwer manlju fan Stonecrobs foar it optreden by Liet snein. Dat sei bandlid Bruno Rummler moandei yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân.

De band waard by it Fryske sjongfestival Liet útroppen ta winner. Dat smiet in moaie trofee op en boppedat mei de groep op 23 maaie spylje op Liet International XXL.

Mar earst wienen se dus by Omrop Fryslân om it winnende liet, "Yn frijheid kinsto libje", te spyljen.

Trefwurden: 
Liet Stonecrobs Liet 2018
(advertinsje)