VC Snits hat noed oer entûsjasme jongesfollybal

14 maaie 2018 - 21:52

Follybalferiening VC Snits hat in brief skreaun oan ferieningen yn de regio mei de fraach om mei te tinken oer manieren om jonges entûsjast te hâlden foar de sport.

Gjin passende teams

De klup hat sels muoite om passende teams te foarmjen en de jonges sa trochstreame te litten nei it manljusfollybal.

VC Snits hopet no dat oare klups yn Fryslân gearwurking sitten sjogge by it trainen fan jongesteams. De jonges soenen dan, neist de trainingen fan no yn in team mei famkes, ek traine yn in team mei allinnich jonges. Op sneons spylje se dan ek in kompetysjewedstriid.

Ynspiraasjemoeting

Woansdeitejûn om 19.30 is yn sportrestaurant De Stolp yn Snits in ynspiraasjemoeting oer dit ûnderwerp.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)