"We moatte leare om te gean mei wolven"

"Dit is in nije faze, dêr moatte we mei leare om te gean." Dat seit boskwachter Roel Vriesema oer de komst fan de wolf nei Fryslân. Hy beklammet dat minsken net benaud hoege te wêzen: "De wolf is yn prinsipe minskeskou, dy siket de rêstige gebieten op."
En de wolf jeit op bisten, fertelt Vriesema: "Reeën, hazzen, de foks. Foar natuerbehear kin it dêrom sels wol goed wêze dat der sa no en dan in wolf is."
Skiep
"Voor schapenhouders is het wel heel vervelend", seit Theo Meijer fan hegeskoalle Van Hall Larenstein. "Want wolven zullen steeds vaker voorkomen. Daarom zal er iets moeten veranderen in hoe je met schapen omgaat: kunnen ze buiten blijven, moeten ze misschien achter een raster? In Duitsland zijn er al honden die kuddes bewaken. Zo deden wij het vroeger ook."
It tal meldingen fan skea sil wol tanimme. "Dat moatte we skerp yn de gaten hâlde", fertelt deputearre Johannes Kramer. "We hawwe in faunafûns foar skeafergoeding. Dêr falt skea troch de wolf ek ûnder. Dus boeren dy't skea ha fan deabiten skiep, kinne fergoede wurde."
Natuerreparaasje
De manlju wurde der sels wol entûsjast fan. Meijer: "We zijn zo bezig met het repareren van de natuur. Er komt een zee-arend, de kraanvogels komen, de zilverreiger broedt en nu ook nog de wolf. Daar word je blij van."
Ferklearring
"De natuer ûntwikkelet him op in goede wize. Europa hat de ôfrûne desennia natuerbelied fierd", seit Kramer. "Yn gebieten yn Dútslân en Poalen hat in stik ûntfolking plakfûn. Dêrtroch koe de wolf him yn dy gebieten herstelle. As er dan oer de grins sjocht, komt er al gau yn Nederlan út."
En yn Fryslân dus. Theo Meijer: "Als ik een wolf was, ging ik naar het Drents-Friese Wold. Mooi in de dekking, genoeg prooien. In het Lauwersmeergebied zou ik ook wel terecht willen komen."
En no?
We witte no noch mar fan ien wolf yn Fryslân. Fan it bist dat ôfrûne wykein skiep oanfallen hat by De Knipe, sil noch ûndersocht wurde oft it in wolf is of net. Mar de kâns sit deryn dat der hieltyd mear wolven yn Fryslân komme. "Binnen vijf jaar zou hier wel een roedel kunnen zijn", seit Meijer.
"En binnenkort komt misschien de wilde kat. Daar moeten we blij van worden, die valt geen schapen aan. En de volgende die gaat komen is de lynx. Daar wordt een bioloog ook vrolijk van. We missen dat in de natuur, deze toppredatoren."