Minder Friezen wurksykjend

21 jun 2012 - 11:13

It tal wurksykjenden yn Fryslân wurdt stadichoan minder. Ferline jier sochten yn maaie mear as 21.000 minsken in baan, dit jier binne it 142 minder. Lanlik bleau it tal wurksykjenden gelyk. De ôfrûne moanne rûn it tal wurksykjenden yn Fryslân hurder tebek as lanlik. Yn Fryslân binne der 2,7 persint minder, lanlik binne it 1,3 persint minder.

Yn Grinslân is de wurkleazens hurder fermindere as yn Fryslân. Yn Drinte is de wurkleasheid it ôfrûne jier groeid. Yn Fryslân sitte mear minsken sûnder wurk as it lanlik trochsneed.

Trefwurden: 
wurkleazens wurkleasheid
(advertinsje)