Bestelbuske yn 'e fik yn Tsjerkwert

14 maaie 2018 - 20:11

De helptsjinsten binne moandei yn Tsjerkwert yn aksje kaam nei't in bestelbuske yn 'e brân rekke wie. Oan de Singel baarnde de auto folslein út.

Hoe't de brân krekt ûntstien koe, is net dúdlik. Mooglik wie der koartsluting ûntstien ûnder de motorkape. Ferkear koe de strjitte net yn en moast omride. De auto is ôffierd.

Trefwurden: 
Tsjerkwert autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)