Folslein nij gebou op plak fan Bouma-pân yn Snits

Der komt in folslein nij gebou op it plak dêr't al jierren it saneamde Bouma-pân yn Snits stiet te fertutearzjen. It giet om it gebou op de hoek fan de Twadde Oosterkade en de Ljouwerterdyk, dêr't earder in herberch yn siet en letter in radiosaak fan de famylje Bouma.
Rotte kies
Der is noch aksjefierd om dit gebou te behâlden en te restaurearjen, mar it die bliken dat dat net helber wie. It wurdt al mear as tsien jier sjoen as rotte kies dêr't Snitsers har foar skamje en besikers har oer fernuverje.
Opboud neffens âlde kontoeren
Moandei wie de offisjele start fan de werûntwikkeling. It gebou wurdt folslein sloopt en wer opboud neffens de kontoeren fan it âlde pân. Under komme dan kommersjele romten en dêrboppe seis apparteminten, trije maisonette-wennings en in penthouse.
Oosterpoort
It projekt krijt as namme Oosterpoort en as de oanpassing fan it bestimmingsplan flot rint, kinne de apparteminten ein dit jier yn de ferkeap.