Geert fileart #1: Seure

Geert van Tuinen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!
Witte jim wat it leuke fan keatsen is? Dat der sa'n allemachtich soad seurd wurdt. Ik kin my net in oare sport betinke wêryn't sa seurd wurdt as yn it keatsen. En ik wit ek hoe't it komt. Regels, regels, regels. Oeral hat de keatserij regels foar. Al is it probleemke noch sa lyts: it KNKB makket der regels foar. Echt wier. En dan is it net sa dreech om te betinken dat dy regels alle kearen wer liede ta tal fan non-diskusjes en seurderij. Machtich moai as je der fan in ôfstân nei sitte te sjen en te lústerjen. In ergernis as je dermei te krijen hawwe. Mar seure heart by it keatsen as de krystdagen by desimber.
Nim no bygelyks de ôfrûne wike. Doe is der nochal wat seurd oer Ilse. Ilse Tuinenga, út Berltsum. Alteast: dat seit se sels, dat se út Berltsum komt. De seurders sizze: sy wennet by har freon yn Frjentsjer. Wat it probleem is? Regeltsjes. Dit regeltsje seit dat je keatse moatte foar it doarp of stêd dêr't je yn wenje. No hat Ilse har freon in hûs kocht yn Frjentsjer en dus sizze de seurders: dan sil sy dêr ek wol wenje. Dat geseur giet troch oant en mei de reglemintekommisje (ja ja, dy bestiet ek; dêroer daliks mear) en de burelen fan it keatsbûn.
Wêr't dan wer net in minske op it idee komt om Ilse efkes te beljen. No ja, lang om let, nei in protte geseur, de direkteur Marco Hoekstra. Ja, ja, de direkteur sels! No, dy waard efkes netsjes ôfskoudere troch Ilse, dy't direkteurtje dúdlik makke dat sy ynskreaun stiet yn Berltsum en oft dat geseur ek út wêze koe, want sy hat der lêst fan. Direkteurtje monkele noch wat fan "we sjogge foarearst ôf fan sanksjes" en dripte ôf. Ilse hold gjin waarme gefoelens oer oan it petear. En ik ek net. Want wêr bemuoit dat KNKB him mei? Wêr bemuoit dy reglemintekommisje him mei? As Ilse seit dat se yn Berltsum wennet, dan leit de kontrôletaak by de gemeente en by nimmen oars. En oant dy tiid wennet Ilse yn Berltsum. Punt. Ilse wit ûndertusken dat sy ynskreaun wêze moat op it adres dêr't sy, en sa stiet it yn de wet, "het meeste nachtverblijf houdt". En dat de gemeente ferantwurdlik is foar kontrôle en hanthavening. Dat al dy seurpotten én de KNKB it mar efkes witte. Dus Marco: ast noch wat wolst, dan moatst sjen datst bewize kinst dat Ilse 4 nachten by har freon koest. Lis der mar even neist, soe ik sizze. Súkses jonge. Mar ophâlde fan seuren graach.
Der wurdt trouwens noch mear seurd oer Berltsum. Wat it probleem no wer is? Regeltsjes. En útsûnderings dêrop. Fansels. Wêr't regels binne, dêr binne útsûnderings. Seker by it keatsbûn. Je kinne it net betinke, mar der is in útsûndering makke op dy ferplichting om te keatsen foar it doarp dêr't je wenje as je as jeugdkeatser tafallich de iennige yn in bepaalde kategory binne. Dan meie je keatse foar it doarp dat it tichtste by leit. "Eenlingenbeleid" hjit dat. Pff... lis dat no wer ris út. No: nim no Berltsum dus. Hat twa jongeskeatsers, Thomas en Allard. Gjin probleem: balkearder derby út de skoaljonges (dat mei; ek in regeltsje), dan is der in partoer. Keatse mannen!
Mar der komt in probleem. Allard rekket swier blessearre, kin it hiele seizoen net keatse en dus stiet Thomas allinnich. Mar dat probleem wurdt oplost. Yn Sint-Jabik wennet Verry. Ek allinnich. En yn Sint-Anne fine we Jesse. Hat ek gjin maten. Moai mei syn trijen yn ien partoer. De útsûndering op de regels lit it ta. Mar wat in geseur ûntstie der wer. Want... tusken Sint-Jabik en Berltsum leit Wier, dus mei Verry neffens de seurders net foar Berltsum keatse.
Ik haw mar efkes belle mei de foarsitter fan Berltsum, Jelle Eijzenga. Neat oan de hân, seit Jelle. Alles útsocht troch keatsbûn en ferienings. Earne grinzget Sint-Jabik oan Berltsum (ik fetsje dit efkes koart gear). Dus it mei. Mar wêrom keatse dy jonges dan foar Berltsum, Jelle? En net foar Sint-Anne? Dat leit úteinlik sawol neist Sint-Jabik as neist Berltsum. "No, dat komt sa: Sint-Anne woe hawwe dat sy foar dat doarp keatse soenen. Wy woenen dat sy foar Berltsum útkomme soenen. Doe hawwe we de kar oan Verry út Sint-Jabik litten. Dy keas foar Berltsum, dus keatse sy foar ús. Snapst?"
Pff... ja Jelle, ik snap it. It folk net mear en dat seurt troch. Mar no witte jim hoe't it sit. Wat ik mar sizze wol: it tilt op fan de regels by it KNKB en dat soe oars moatte. Want der komt allinnich mar geseur fan. De biezem moat troch de regeljouwing. Keatsen moat wer in sport wurde dy't troch it publyk te begripen falt. Dus fuort mei al dy oerstallige regeltsjes, te begjinnen mei dy moloch dy't ranking hjit. Dêr snapt net in minske wat fan. Net út te lizzen oan it publyk. Myn foarstel: lit dy reglemintekommisje him ris dwaande hâlde mei it opskjinjen fan al dy ûnsinnige regeltsjes. Dat skeelt in protte geseur.
Mar ik begryp: dat is te folle frege. Want dan soe dy kommisje himsels wol ris oerstallich meitsje kinne en dan hawwe sy gjin taak mear. Binne se gjin kaderlid mear en moatte se entree betelje by de partijen en har eigen kofje keapje. No, mannen fan dy kommisjes, ik haw nijs foar jim: it KNKB is wol sa'n bytsje klear mei al dy kaderleden dy't fergees, mei de partner, nei it keatsen gean. Dêr sil peal en perk oan steld wurde, sa wurdt sein. Moai sa, hawwe jim ek wer wat te seuren.