Súdwest-Fryslân hâldt goed fjouwer ton oer

14 maaie 2018 - 17:19

De gemeente Súdwest-Fryslân hat ferline jier goed fjouwer ton oerhâlden, wylst der rekken hâlden wie mei in ferlies fan hast fjouwer miljoen. Neffens de gemeente komt dat troch it foarsichtige belied.

Ferkeap grûn

Der is jild reservearre doe't der risiko's ferwachte waarden en der is besunige dêr't dat moast, seit wethâlder Maarten Offinga. Dat de gemeente posityf útkomt, komt ek troch de ferkeap fan grûn foar wentebou. Dat smiet hast 16 miljoen euro op.

65 spearpunten

Súdwest-Fryslân hat 60 fan de 65 doelen helle dy't de gemeente himsels steld hie. Dan giet it om nijbou fan basisskoallen oant it oanjeien fan wenningbouprojekten.

De fiif spearpunten dy't ferline jier net helle binne, wurde dit jier útfierd. Dan giet it bygelyks om de bou fan De Nije Rolpeal yn Warkum.

(advertinsje)