Twadde geweldynbrekker ek pakt

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje fertinkt in 48-jierrige man sûnder fêst wenplak fan in ynbraak mei geweld. Dy wie begjin maaie yn in hûs oan de Curaçaostrjitte yn Ljouwert. By de ynbraak waard de bewenner mishannele. De twa dieders naaiden dêrnei út.
Ien fan harren koe fuortendaliks al oanhâlden wurde, omdat er ferwûne yn de tún fan it hûs fûn waard. De twadde man kaam nei foarren út it ûndersyk. Hy hat him dizze wike op fersyk by de plysje meld en is doe oanhâlden.