Auto rydt oer skonken hinne

21 jun 2012 - 10:39

In famke fan 17 út Tytsjerk is woansdei yn Burgum oanriden troch in 19-jierrige Westereender mei drugs op. Dy hie op de Bulthússsingel de auto by in pinautomaat delset. By it fuortriden gie er net foar-, mar achterút. Dêr stie it famke. Sy wie krekt by him út 'e auto stapt om jild te heljen. It famke foel, de auto ried oer har skonken hinne de tún fan de bank yn.

It famke is mei ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De man wurdt fertocht fan it riden ûnder ynfloed fan drugs. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)