Gjin biology-eksamen oan Bogerman Snits troch stroomsteuring

14 maaie 2018 - 15:55

22 learlingen fan it Bogermankolleezje yn Snits ha moandei gjin eksamen meitsje kinnen fanwege in stroomsteuring. It giet om VMBO-learlingen dy't in biology-eksamen dwaan moasten. It eksamen wurdt digitaal ôfnaam, op de kompjûter, mar dy die it net fanwege de stroomsteuring.

Skoaleksamen

Omdat it giet om in skoaleksamen en net om in steatseksamen, mei de skoalle sels in nije datum ynplanne. Dat wurdt no 23 maaie. De oare eksamens binne gewoan trochgien. It giet ûnder oare om it VWO-eksamen wiskunde. De learlingen hawwe neffens eigen sizzen net al te folle hinder hân fan de stroomsteuring. Se hawwe sjoen dat it ljocht in pear kear nuver knippere, mar der wie mear as genôch deiljocht om it eksamen meitsje te kinnen. 

Ek it Antoniussikehûs yn Snits hie lêst fan de stroomsteuring.

(advertinsje)
(advertinsje)