Grut mes stekt út fytstas

21 jun 2012 - 10:30

De plysje hat woansdei yn Akkrum in grut mes yn beslach naam. It stuts út in fytstas fan in fyts. Surveillearjende plysjes seagen dat tafallich. It mes wie foar it gripen en it wie net ferpakt. Dêrom naam de plysje it yn beslach.

In 21-jierrige ynwenner fan Veldhoven hat as eigener fan de fyts in proses-ferbaal krigen. Neffens him wie it mes fan in freon fan him.

Trefwurden: 
mes fyts fytstas
(advertinsje)