Ferkearde eksamen útdield: Dútsk yn plak fan Nederlânsk

14 maaie 2018 - 15:45

It is noch mar de earste dei fan de eksamens yn it fuortset ûnderwiis, mar op it Piter Jelles De Dyk yn Ljouwert gie it moandei al direkt mis. Om healwei twaen sieten de VMBO GL/TL-learlingen klear foar harren eksamen Nederlânsk, mar se krigen it eksamen Dútsk ûnder harren noas.

Dy flater waard al gau sjoen en úteinlik koenen de learlingen dochs gewoan begjinne oan it eksamen Nederlânsk. Foar Dútsk meie se tongersdeitemoarn weromkomme.

(advertinsje)
(advertinsje)