Wolf is yn Fryslân, docht bliken út DNA-ûndersyk

14 maaie 2018 - 15:36

De wolf is werom yn Fryslân. Dat hat de provinsje befêstige op basis fan DNA-ûndersyk, dat útfierd is troch in ekstern buro. It giet om it DNA fan in wolf dy't yn april by Boyl in pear skiep deabiten hat.

Dy wolf waard letter sinjalearre by Appelskea, dat net fier fan Boyl ôf leit. Doe wie net wis oft it om in wolf gie. By de skiep is dêrnei DNA ôfnaam om ûndersyk nei te dwaan.

Wolveprotokol

It dwaan fan ûndersyk past by it saneamde wolveprotokol, dat no fan krêft is. It 61-pagina's tellende draaiboek is opsteld mei de oare provinsjes.

De Knipe

Op mear plakken yn de provinsje tinke minsken dat se in wolf sjoen ha, lykas yn De Knipe. Dêr waarden fan it wykein meardere skiep oanfallen.

Foar it earst yn iuwen

It is foar it earst yn hûnderten jierren dat de wolf yn ús provinsje is. De ôfrûne jierren waarden al wolven sjoen yn provinsjes om Fryslân hinne. Dy kamen faak út Dútslân. Boyl leit himelsbreed 45 kilometer fan Dútslân ôf.

Folslein nije situaasje

Neffens dosint Theo Meijer fan hegeskoalle Van Hall Larenstein moatte we foaral wenne oan de wolf: "Dit is een volledig nieuwe situatie. We zijn verleerd hoe we met de wolf om moeten gaan. En een ding is zeker: ze gaan vaker in Nederland voorkomen."

Bern kinne neffens Meijer gewoan bûten boartsjen bliuwe, mar foar skiep is it in oar ferhaal: "Als een wolf zich eenmaal ergens vestigt, zijn schapen niet zijn hoofdprooi. Maar we moeten wel nadenken over de huisvesting van de schapen, met hekken bijvoorbeeld. En in Duitsland zie je bijvoorbeeld al dat honden terugkomen bij schaapskuddes als bescherming tegen de wolf."

Trefwurden: 
wolf DNA
(advertinsje)
(advertinsje)