Ynbrekkers pakt op Tunen

© Google Streetview
Op de Tunen yn Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei fjouwer ynbrekkers oanhâlden. De bewenner waard wekker fan leven en seach doe de fjouwer manlju stean. Hy belle fuortendaliks 112 en de ynbrekkers fleagen it hûs út.
Plysjeminsken koene de ynbrekkers op strjitte oanhâlde. It giet om twa manlju út Arnhem fan 18 jier, in 46-jierrige man út Nieuwegein en in 38-jierrige Nijemegenaar.