Ofspraken Antoniussikehûs annulearre fanwege stroomsteuring

14 maaie 2018 - 15:11

It Antoniussikehûs yn Snits hat moandei lêst hân fan in stroomsteuring. It sikehûs hat dêrom alle ôfspraken mei pasjinten annulearre. Allinne minsken mei in ôfspraak bij de ôfdieling kardiology waarden wol holpen. Minsken dy't in ôfspraak hiene foar fan 'e middei wurde belle foar in nijen ien. De maatregel jilde oant healwei fjouweren.

"Dit gebeurt normaal gesproken eens in de twee of drie jaar", sei bestjoersfoarsitter Marcel Kuin fan it sikehûs. "Een halfjaar geleden hadden we ook zo iets. Voor ons gevoel is het nu iets frequenter, maar dat zal wel toeval zijn."

Protokol by stroomsteuring

By sa'n stroomsteuring giet in hiel protokol yn. Kuin leit út: "De noodstroom gaat aan, maar je moet ook stoppen met bepaalde operaties. De spoedeisende hulp en de intensive care gaan dicht. Je moet toch afbouwen, want als de noodstroom ook uitvalt, heb je helemaal geen back-up meer."

Langer trochwurkje

Om alles wer op de rit te krijen, wurdt hjir en dêr langer wurke. "Op de operatiekamers werken ze extra lang door vanavond, om zo toch alle operaties door te laten gaan. Zo hebben de patiënten er zo weinig mogelijk last van."

Trefwurden: 
Antoniussikehûs Snits
(advertinsje)