Brandsma wint yn It Heidenskip

© Omrop Fryslân
Nard Brandsma hat woansdeitejûn ferrassend de fierljepwestriid yn syn thúsplak It Heidenskip wûn. Mei syn lêste sprong yn de finale sette er in ôfstân del fan 19.70 meter. Dat wie tefolle foar de konkurrinsje ynklusyf topfavoryt Bart Helmholt. It twadde plak wie foar Ysbrand Galama. Hy kaam ta 18.87 meter. Alwin Vonk einige as tredde. Klassemintslieder Thewis Hobma hie in minne dei. Hy helle net iens de finale.
By de froulju wûn Grytsje Abma mei in PR fan 15.78 meter. By de junioaren wûn Sytse Bokma en Tom Hoekstra wie de fierste jonge.
Junior Sytse Bokma sprong 18.47 meter en Tom Hoekstra wie mei 17.45 meter de sterkste by de jonges. Foar beiden betsjutte dat ek in nij persoanlik rekôr.