Opnij skeletten fûn yn Boalsert

14 maaie 2018 - 14:24

By graafwurk foar de nije fontein op it Broereplein yn Boalsert binne nochris goed fjirtich skeletten fûn. Begjin april waarden al seis skeletten fûn. Doe waard al tocht dat der mear skeletten fûn wurde soene.

De skeletten wurde ûndersocht op stjerdatum, geslacht en leeftiid en oft der sykten yn it spul wiene. De fynsten ha gjin ynfloed op de iepening fan de fontein fan Kulturele Haadstêd, kommende freed.

Trefwurden: 
skelet Broereplein Boalsert
(advertinsje)